Peter Pan @ Ziggodome Amsterdam

 

snein 17 febr 2013 - Mei Boonstrakollega Joke nei de musical Peter Pan yn it Ziggodome yn Amsterdam. Ik bin hast jierdei en myn wurktiid by Boonstra sit der hast op. Joke trakteert my op dizze musical.
Om 9 oere hat se my ophelle en binne we nei Amsterdam riden. We ha parkeert ûnder de Arena, en binne toen mei de metro nei it sintrum gien. Ik hie noch noait yn de metro sitten! We stapten der as domme Friezen om; sykje om de metro en net witte hoe it mei it kaartsje moast! Haha!
Dernei ek wer mei de metro werom en nei de musical ta! It wie in prachtich spektakel, wat in grutte saal en wat in enorm dekor!
Op de weromreis wat iten by in Hajé en run 21 oere wer thús. In moaie dei!

BACK to Foto's fan Wietske
Become a fan! Follow dorenbos and receive an email every time dorenbos uploads new images!